'Waadsee aansen net fertroud'

© Omrop Fryslân
De Waadferiening makket him soargen oer de feiligens op it Waad. Besunigings fan it ministearje fan Ferkear en Wettersteat meitsje de Waadsee ûnfeilich en bedriigje natuer en wurkgelegenheid yn it gebiet, seit de feriening. It giet dan om besunigings op de rampebestriding, de farweibetonning en de fjoertoerwacht.
Ut protest is moandei by wize fan ludike aksje in spandoek oan 'e Brandaris hongen.