Bylsma: foarskot werombetelje

© Omrop Fryslân
Skipswerf Bylsma fan Warten moat 180.000 euro werombetelje oan seis fersekeringsmaatskippijen. Sy joegen dat as foarskot op in skeafergoeding. Dy wie foar in ûngemak mei in kraan dêr't in stik fan in skip yn siet.
De skea is letter fergoede troch in fersekering. De oare maatskippijen wolle no it foarskot weromhawwe. Mar Bylsma is fallyt en kin neat betelje. De rjochter hat no bepaald dat it bedrach wol op it kleed komme moat.