Gothtronic in sfearfol súkses

© Omrop Fryslân
It festival Gothtronic yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert wie sneontejûn in grut súkses. De organisaasje is tefreden oer it tal besikers, dy't meast hielendal yn gothic-styl op it festival ôfkamen. In ferfolch wurdt net útsluten.
Op Gothtronic spilen bands út de gothic, wave en elektro-hoeke. Der fûn ek in houlik plak. In Dúts stel hie it festival as troulokaasje útkeazen om't se fans binne fan de band VNV Nation.