Needbrêge Koatstertille klear

© Omrop Fryslân
Om de needbrêge oer it Prinses Margrietkanaal by Koatstertille klear te krijen is sneontejûn lang trochwurke. It wurk oan de brêge rûn in soad fertraging op om't se de brêge hast net út inoar krije koene.
De needbrêge dy't der no leit kin alle ferkear oan, dus ek swier frachtferkear. Mids febrewaris komt de oanpaste, ferbrede brêge werom. Yn april kin dy ek wer betsjinne wurde. Oant dy tiid is der in hichtebeheining.