Snitser park moat oantrekliker

© Omrop Fryslân
Boargemaster en wethâlders fan Snits wolle hast trije ton útlûke foar de ynrjochting fan it Rasterhoffpark yn de stêd. De gemeente wol it park oantrekliker meitsje foar minsken en dat kostet jild. Der soene ûnder oare boartersobjekten foar bern komme moatte.
De gemeente wol der ek in lytse kudde Skotse Heechlanners ha. Foar dy plannen is it wol nedich dat it park goed ûnderhâlden wurdt. De ried sil ynkoarten in beslút nimme.