Guon Boalserters wolle hûnefjild

© Omrop Fryslân
Omwenners fan de Elandslaagte yn Boalsert wolle dat in fjildsje by har yn de buert geskikt makke wurdt om hûnen út te litten. Se freegje de gemeente om dêr 8000 euro foar út te lûken.
De omwenners dy't der om frege ha, ha sels mei inoar sân hûnen, mar yn de buert binne der noch folle mear. De bewenners ha sein dat se de hûnestront sels oprêde sille. De gemeenteried moat noch in beslút nimme oer it foarstel.