De Wâldsang Nederlânsk kampioen

© Omrop Fryslân
De Nederlânske Brassband Kampioenskippen (NBK) ôfrûne freed en sneon yn de Martiniplaza yn Grins binne in Fryske oangelegenheid wurden. Brassband De Wâldsang fan Bûtenpost ûnder lieding fan Rieks van der Velde is Nederlânsk kampioen wurden.
De Wâldsang helle 98 fan de 100 punten mei har útfiering fan Chivalry fan Martin Ellerby. Yn de oare divyzjes wiene ek Fryske suksessen.