Winst foar Harkemase Boys

© Omrop Fryslân
Harkemase Boys hat de rige minne resultaten sneon ûnderbrutsen. Tsjin koprinner Be Quick '28 waard it 2-1.
Harkemase Boys kaam de earste helte op foarsprong troch in goal fan Sander Hartman. Yn de twadde helte fan in moaie wedstriid makke de tsjinstanner gelyk. De Harekieten belibben doe in stikmannich benaude mominten. Djip yn blessueretiid pakte Harkemase Boys de winst. In skot fan Van Raalte waard net keard en Hartman tikke syn twadde yn.