Parkeardek Tjongerschans klear

06 des 2003 - 00:00

It parkeardek fan sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean wurdt earder as pland yn gebrûk naam. No tiisdei sil wethâlder Scheweer it dek iepenje, tegearre mei de foarsitter fan de pasjinte-advysried.

It dek is boud boppe it besteande parkearterrein. De parkearromte is dêrmei tanaam fan 400 nei 600 plakken. It hat alve wiken koste om de nije parkearplakken oan te lizzen. Fan woansdei ôf kin it brûkt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)