Man oanholden yn XTC-saak

05 des 2003 - 00:00

De plysje hat in 66-jierrige ynwenner fan Seisbierrum oanholden foar belutsenens by de produksje fan XTC. Der binne ek twa man oppakt dy't net út Fryslân komme.

Yn in loads yn Purmerend hat de plysje 7200 liter gemikalyen fûn foar it meitsjen fan de drug XTC. Ek is der 170 kilo XTC-poeier yn beslach nommen. Genôch foar de produksje fan twa miljoen pillen. De Fryske fertochte soe de leveransier fan de gemikalyen wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)