Fergees pakket foar VMBO-bern

© Omrop Fryslân
Alle treddejierslearlingen fan de oplieding Boutechnyk fan de 16 Fryske VMBO-skoallen krije fergees wurkklean, wurkskuon en in pakket feilichheids- middels útrikt.
De aksje is in ferfolch op dy fan ferline jier. It doel fan de aksje is om it imago fan de boubrânsj te ferbetterjen en de learlingen entûsjast te meitsjen foar in oplieding en in baan yn de sektor. Mei-elkoar giet it om 350 learlingen dy't it guod krije.