Echte krystbeammen yn tsjerke

© Omrop Fryslân
Tsjerken en oare iepenbiere gebouwen moat tastien wurde om echte kryst- beammen op te túgjen. Dat fynt Twadde-Keamerlid Joop Atsma. Hy stelde dêr tongersdei fragen oer yn de Keamer.
Atsma fynt dat de brânwacht te strange easken stelt oan de krystfiering, bygelyks dat de tûken ynpregnearre wurde moatte. De easken binne oanskerpe nei de Volendam-ramp fan in pear jier ferlyn. Atsma fynt in echte krystbeam wichtich foar de krystbelibbing.