Bewaking by âldjiersfeesten

© Omrop Fryslân
It ynhieren fan bewaking by grutte Aldjiersfeesten wurket eskalaasjes yn de hân. Dat sizze alteast de organisators fan de âldjiersfeesten yn Tytsjerksteradiel. De gemeente ferplichtet de organisaasjes fan dizze feesten tenei om profesjonele bewakingstsjinsten yn te setten.
Dat wurdt oplein troch it Ryk. Yn de sporthallen fan Oentsjerk en Burgum wurde al jierren grutte âldjiersfeesten hâlden. Dy feesten ferrûnen altyd goed.