Brede skoalle Drachten te lyts

04 des 2003 - 00:00

De nije brede skoalle yn de Drachtster wyk De Drait sil yn de takomst te lyts wêze foar de twa basisskoallen dy't yn it gebou komme. De skoallen De Twasprong en de Voorde telle op it stuit mei inoar 700 learlingen.

Yn de brede skoalle dy't no boud wurdt, is rûmte foar datselde oantal. Yn de takomst is der lykwols mear rûmte nedich. Prognoazes jouwe in taname fan it tal learlingen oan. Faaks komme der needlokalen by oare Drachtster skoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)