Oldenburger wol klaim yntsjinje

04 des 2003 - 00:00

Offalferwurker Sieb Oldenburger fan Ljouwert wol in miljoeneklaim yntsjinje tsjin de provinsje of it Ryk. Hy komt mei de klaim nei't de Hege Ried ferline wike twa eardere feroardielingen fan Oldenburger ferneatige hat. It gong om in boete en in straf mei betingst.

Tongersdei stie de sakeman opnij foar de rjochtbank. Dêr waard er feroardield ta in selstraf mei betingst foar it stellen fan masines út syn eigen fallissemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)