'Eurosport komt net op de kabel'

04 des 2003 - 00:00

De kâns is lyts dat de stjoerder Eurosport yn Fryslân yn it standertpakket fan kabelbedriuw UPC komt. De programmaried fan Fryske UPC-klanten wol dat wol graach. UPC hat mei Eurosport de ôfspraak dat it kanaal yn in digitaal pakket komt.

Op in harksitting fan it Kommissariaat foar de Media koene beide partijen tongersdei har stânpunten nei foaren bringe. UPC ferwachtet takom wike gelyk te krijen fan it Kommissariaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)