Dales beskikt oer grut netwurk

© Omrop Fryslân
De fertrouwenskommisje hat Geert Dales as earste kandidaat as boargemaster fan Ljouwert beneamd fanwege syn kontakten yn Den Haach. Dales beskikt oer in grut netwurk. Om't hy op it earste plak stiet, is hast wol wis dat er it boargemasterskip echt krijt.
De Ljouwerter polityk reageart optein. Dikken (PvdA) fynt dat der gau oan de slach moat mei wurkgelegenens. Haitsma (CDA) sjocht yn him in slachfeardich bestjoerder.