Nijbou skoalle Reitsum begûn

© Omrop Fryslân
Mei de nijbou fan de skoalle yn Reitsum is woansdeitemiddei in begjin makke. De skoalle is ferâldere en dêrom is nijbou nedich. Reitsum hat in streekfunksje yn Ferwerderadiel. Bern út omlizzende doarpen as Jannum, Lichtaard, Ginnum en Wânswert gean der ek hinne.
Wilens de wurksumheden krije in pear groepen les yn it doarpshûs. July takom jier moat alles klear wêze. De nijbou kostet 800.000 euro. De skoalle hat 51 learlingen.