Ekstra kaarten foar 'It mirakel'

03 des 2003 - 00:00

De nije foarstelling fan Tryater, 'It mirakel fan Hansje Brinker', is op foarhân sa'n sukses, dat der 1000 ekstra kaarten yn de ferkeap brocht wurde. De foarstelling wurdt om de krystdagen hinne 29 kear spile.

10.500 kaarten wiene der beskikber, mar de measten binne al ferkocht. 'It mirakel' is in famyljefoarstelling nei it boek fan de Amearikaanske skriuwster Mary Mapes: 'Hans Brinker en de zilveren schaatsen'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)