Zwart nije foarsitter KfK

03 des 2003 - 00:00

De Keamer fan Keaphannel Fryslân hat in nije foarsitter. It is de 48-jierrige Anne-Jan Zwart fan Appelskea. Zwart is direkteur fan it bedriuw Ecostyle, dat miljeufreonlike produkten foar de tún makket en ferkeapet.

Zwart siet al yn it deistich bestjoer en begjint yn febrewaris oan syn nije funksje. Hy folget âld-direkteur Spoelstra fan Prins Dokkum op as foarsitter. Spoelstra lei de funksje del fanwege problemen by Prins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)