Berneporno opspoard mei Meldpunt

03 des 2003 - 00:00

De Snitser fertochte fan in grutte bernepornosaak is opspoard mei help fan it meldpunt Kinderporno op ynternet. De fertochte makke gebrûk fan it kompjûterprogramma Kazaa. It meldpunt hie al faker warskôge dat dêrmei berneporno útwiksele wurdt.

It meldpunt is acht jier lyn oprjochte. Se krije jierliks 500 meldings oer berneporno op ynternet. Resjersjeurs fan 'e plysje hawwe de oanbieder sels op Kazaa opspoard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)