Jouster fêst om minskesmokkel

© Omrop Fryslân
In Jouster (58) sit fêst op fertinking fan belutsenheid fan minskesmokkel. Fjouwer oare fertochten, wêrûnder trije út Smellingerlân, binne wer frijlitten.
De Jouster soe sûnt healwei de 90-er jierren oant no út winsucht hûnderten minsken út Oekraïne en Wyt-Ruslân nei Nederlân helle ha. Se binne hjir yllegaal. Fia falske formulieren waarden fisa ôfjûn. De minsken soenen út eigen wil fuortwolle. Mar help dêrby en deroan fertsjinje, is strafber.