Jonge ûnseedlik betaaste

03 des 2003 - 00:00

In 11-jierrige jonge út Ljouwert is moandei betaaste troch in ûnbekende man. Hy spruts de jonge oan op de Archipelwei op 'e ein fan it Fliet. De jonge moast mei nei in dearinnend stik Noardfliet by de Poppewei. Dêr fergrypte er him tusken de konteners oan 'e jonge.

De dieder is in man fan in jier of 30 mei in normaal postuer. Hy is tusken de 1.70 m en 1.80 m. grut. Mooglik hat er tatûaazjes op 'e hannen of polsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)