Advokaat op Van Booma set

© Omrop Fryslân
De gemeente Menameradiel hat in advokaat ynskeakele tsjin de eigner fan it kompleks Schatzenburg. Van Booma moat sa twongen wurde om de sportfoarsjenning dêr yn stân te hâlden.
De eksploitant wol de kantine per 1 jannewaris tichtdwaan. Fierders moatte de sportferienings ballen en netten út 'e sporthal weihelje. Ek gean de ljochten yn de hal út as in wedstriid krekt wat langer duorret as ôfpraat.