Petear plysje en gemeente Skier

03 des 2003 - 00:00

De plysje krijt mooglik dochs ûnderdak yn it nije gemeentehûs dat op Skiermûntseach boud wurde moat. Fan 't simmer luts de gemeente de nijbouplannen yn om't se te djoer wienen. De plysje drige mei in skeaklaim en in koart pleit om de bou ôf te twingen. De rjochtsaak gie net troch.

Beide partijen prate oer in nij ûntwerp. As se der wer net útkomme, komt de plysje noch mei in skeaklaim.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)