Net snije yn iepenbier ferfier

03 des 2003 - 00:00

Yn it iepenbier ferfier moat takom jier net besunige wurde. Dat stelt deputearre Baas foar. Earder wie al bekend dat de provinsje yn de earste helte fan 2004 net snije soe yn it iepenbier ferfier.

De provinsje lûkt twa miljoen euro ekstra út foar it yn stân hâlden fan it iepenbier ferfier. Provinsjale Steaten moat it plan fan Baas noch goedkarre. Komt der gjin ekstra jild, dan folgje likegoed noch wol besunigingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)