DS: nij provinsjehûs Twibaksmerk

© Omrop Fryslân
Deputearre Steaten hâlde fêst oan nijbou fan it Provinsjehûs oan 'e Twibaksmerk yn Ljouwert. Provinsjale Steaten woene witte oft it net goedkeaper koe mei it nije provinsjehûs. Yn dizze ekonomysk minne tiden past in djoer nijbouprojekt net.
DS kieze dochs foar nijbou om't de nijboukosten, 66 miljoen euro, net folle heger lizze as dy fan renovaasje. Op 17 desimber prate Provinsjale Steaten wer oer it nije provinsjehûs.