Fryske bylage kin mear lêzers ha

03 des 2003 - 00:00

De Frysktalige bylage fan 'e Friesland Post soarget noch net foar hegere ferkeapsifers. Fjouwer kear ferskynde it moanneblêd dit jier mei de Fryske bylage 'Styl'. Der binne 500 ekstra eksimplaren fan ferkocht. Dat is gâns minder as útjouwer Migg Media Produkties ferwachte hie.

Dochs is de útjouwer tefreden oer de ûntwikkeling fan Styl. Oer langere tiid wurde wol inkelde tûzenen lêzers ekstra ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)