Besmetlike kattesykte wer werom

© Omrop Fryslân
De kattesykte is werom yn Súdeast- Fryslân. Bistedokters út Drachten, Beetstersweach en De Gordyk warskôgje de besitters fan katten foar dizze meastentiids deadlike sykte. De katte- sykte is in hiel besmetlike firussykte.
Besmette katten krije symptoamen fan hege koarts, pinebúk en diarree. De measte katten stjerre oan it firus. Om't der gjin goeie behanneling is, roppe de bistedokters op de katten previntyf te intsjen.