Ekstra riedsgearkomste Ljouwert

02 des 2003 - 00:00

Woansdei wurdt bekend wa't de gemeente Ljouwert as nije boargemaster ha wol. Dan is der in ekstra riedsgearkomste wêryn't de foarkarskandidaat fan de fertrouwenskommisje foarlein wurdt oan de gemeenteried.

Ferline wike lekte út dat de Amsterdamse wethâlder Dales ien fan de kandidaten is. De gemeente woe net befestigje dat Dales de foarkars- kandidaat is. De gearkomste fan woansdeitejûn is iepenbier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)