Akkoart mei priveebegraafplak

© Omrop Fryslân
De polityk yn Skarsterlân giet akkoart mei de oanlis fan in bysûnder begraafplak foar twa minsken yn Rotsterhaule. In ynwenner fan it doarp wol himsels en syn partner begrave litte op syn eigen hiem.
Soks mei neffens de wet. De gemeenten meie beslisse oft se it al of net wolle. Boargemaster en wethâlders wolle akkoart gean mei it priveebegraafplak. De polityk wol dat ek wol, mar freget B en W om der regels foar op te stellen.