Friesland Beef út Makkum wei

© Omrop Fryslân
Amper twa moanne nei't it útbeen- en fleisferedelingsbedriuw Friesland Beef him festige yn Makkum, is it bedriuw al wer ferhuze. De wurksumheden fine no plak yn Amsterdam. Friesland Beef slachte ek al yn Amsterdam.
Direkteur Visser seit dat de lokaasje yn Makkum te lyts wie foar it oantal bisten dat oanfierd waard, sa'n 400 kij yn de wike. By Friesland Beef yn Makkum wurken in tweintich minsken.