Nijs fan de sneinsamateurs

© Omrop Fryslân
By de amateurs ha ferskate klubs snein spile. Yn de twadde klasse L stienen Harns en Frisia tsjinoer elkoar. De Harnzers wûnen mei 3-0. Se kinne de punten goed brûke om aanst net te degradearjen.
Yn de fjirde klasse B stie De Gordyk tsjin Thor út Lippenhuzen. De derby waard mei 3-1 beslist yn it foardiel fan de Gordyksters. Yn de earste klasse F gie it tusken Wolvegea en Snits. Der waard by beide partijen net skoard.