'Aids stiet fier fan minsken ôf'

© Omrop Fryslân
Friezen ha amper noch belangstelling foar aids en de gefaren dêrfan. Dat seit de GGD. Neffens de sûnenstsjinst stiet de sykte te fier fan de minsken ôf. Dêrom nimme se it net sa krekt as it giet om feilich frijen.
Om de Friezen te wizen op de risiko's fan aids en soa's (seksueel oerdraachbere oandwaningen) hie de GGD sneon yn Ljouwert in ynformaasjestand ynrjochte. Der komt ek foarljochting op skoallen en yn diskoteken.