Syktocht nei ynsittenden

30 nov 2003 - 00:00

Helptsjinsten ha sneintemoarn by Hilaard om 'e nocht socht nei de ynsittenden fan in auto. De wein waard leech fûn yn in sleat neist de dyk Ljouwert-Boalsert. It wie ûndúdlik oft de ynsittenden yn 'e buert fan 'e auto wiene of dat se thús sieten.

Om slachtoffers útslute te kinnen, binne plysje, ambulânsepersoaniel, brânwacht en in takelauto ynset. Om't der neat fûn is, giet de plysje der fan út dat de ynsittenden har sels rêden ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)