Van Nieuwenhoven nei Ljouwert?

30 nov 2003 - 00:00

Jeltje van Nieuwenhoven (PvdA) soe boargemaster fan Ljouwert wurde wolle. Dat skriuwt de krante Het Parool. Earder lekte al út dat de Amsterdamse wethâlder Geert Dales (VVD) ynteresse hat foar de funksje. Het Parool hellet boarnen yn Den Haach oan.

Jeltje van Nieuwenhoven, dy't yn Noardwâlde berne is, is fice-foarsitter fan de keamerfraksje fan de PvdA. Boarnen binnen de partij ûntkenne dat de Friezinne earste boarger wurde wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)