Jeroen de Vries wint krekt net

30 nov 2003 - 00:00

Jeroen de Vries fan Sint Nyk is sneon twadde wurde yn Deventer op de achtste maraton foar de KNSB-beker. Henk Angenent waard earste. De winner fan de Alvestêdetocht fersloech De Vries nei 150 ronden. Se wienen ien ronde foar op de achterfolgers.

Kromkamp út Wolvegea waard sechde, Peter de Vries fan It Hearrenfean tsiende. Yn de striid om de KNSB-beker bliuwt Jan Maarten Heideman út Oldebroek de lieder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)