Frysk turnsukses

30 nov 2003 - 00:00

Twa Fryske turnsters binne mei har team twadde wurden by de Coup d'Avenir de Malmedy. De susters Floor en Marrit Ewald einigen mei twa turnsters út Haarlem achter it Ingelske jeugdteam. Yndividueel wie Marrit op de matte alfde en Floor trettjinde.

De famkes Ewald komme fan OBQ yn Ljouwert en traine by de Friesland College Turnschool. Oan de wedstriid dienen 16 jeugdteams mei. Foar de susters wie it in ynternasjonaal debút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)