Oplossing foar klúnplakken

29 nov 2003 - 00:00

Yn Grinslân is in oplossing betocht foar de klúnplakken by grutte reedrydtochten lykas de Alvestêdetocht. It binne mobile klúnplakken dy't yn fiif minuten op de rûte delset wurde kinne. It bouwen fan houten flonders is dan net mear nedich.

It idee komt fan de organisaasje fan de Grinzer reedrydklassiker De Noorder- rondrit. Der binne al 20 mobile klúnplakken makke. Sy binne ôfrûne wykein mei sukses test.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)