Minder útjûn oan feestdagen

29 nov 2003 - 00:00

Friezen jouwe dit jier minder út fanwege de feestdagen as oare jierren. Dat wie sneon te fernimmen by de aksjes op de Net-Winkeldei, dy't yn Ljouwert en in grut tal oare stêden yn it lân hâlden is. Doel wie om minsken bewust te meitsjen fan har konsumpsjegedrach.

Minsken jouwe it jild folle bewuster út, want se binne benaud dat se troch de ekonomyske weromgong harren baan kwytreitsje. Dat docht bliken út lanlik ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)