ONS Snits wint mei 4-0 fan PKC

29 nov 2003 - 00:00

De amateurfuotballers fan ONS Snits wûnen sneon mei 4-0 fan PKC '83. Dêrmei liket it kampioenskip foar ONS hast wol wis. De fjirde goal waard yn it lêste kertier makke troch Ype Haitema.

Sandor van der Heide spile sneon ek mei, ek al wie er net hielendal fit. Nei de wedstryd liet er him lilk út oer in publikaasje yn de Leeuwarder Courant. Dy soe skreaun hawwe dat Sandor nei Cambuur werom wol. Neffens Van der Heide hat er dat noait sein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)