Kramer (FNP): Nrd-Hollân by SNN

© Omrop Fryslân
De provinsje Noard-Hollân moat lid wurde fan it SNN, it gearwurkingsferbân fan de trije noardlike provinsjes. Dat sei FNP-lieder Kramer freedtejûn op de algemiene ledegearkomste fan syn party.
Neffens Kramer is Noard-Hollân in goede oanfolling op it gearwurkingsferbân omdat yn it noarden fan dy provinsje deselde problemen spylje as hjir. Sokke problemen soene dan projektmjittich oanpakt wurde moatte troch de belutsen provinsjes.