Gemeentes winne rjochtsaak

29 nov 2003 - 00:00

De gemeentes Opsterlân en It Hearrenfean ha in rjochtsaak wûn dy't tsjin har oanspand wie troch Welzorg Revalidatietechniek, in leveransier fan helpmiddels foar handikapten.

It bedriuw hie graach it kontrakt ha wollen foar de levering fan helpmiddels. Dy kinne oanskaft wurde fia de gemeente. De gemeentes hiene it kontrakt oan in oar bedriuw jûn. Neffens de rjochter wie dat net ferbean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)