Nije Laweiplein Drachten iepene

28 nov 2003 - 00:00

Mei in spektakelstik fan Close Act út Den Bosch waard tongersdeitejûn it fernijde Laweiplein yn Drachten offisjeel iepene. Der wiene sa'n tûzen taskôgers oanwêzich.

It krúspunt yn it sintrum fan Drachten is opknapt. Stopljochten ha plak makke foar in rotonde, wêrtroch de trochstreaming fan it ferkear ferbettere is. Ek binne der sa'n 70 fonteinen oanlein. De operaasje hat 1,3 miljoen euro koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)