Start bou MFS yn De Hoeve

13 mrt 2012 - 14:47

Ein april begjint de bou fan in nij multyfunksjoneel sintrum yn De Hoeve. It besteande gebou is ferâldere en foldocht net mear oan de easken. It doarp is al sûnt 2006 dwaande mei it realisearjen fan de nijbou. It nije sintrum kin der no komme troch jild fan ûnder oaren de gemeente Weststellingwerf, de provinsje en it Oranje Fûns.

De ynwenners fan De Hoeve lizze sels ek flink wat jild op it kleed. De ferskate ferienings yn it doarp betelje hast 7000 euro mei, fan de ynwenners sels komt mei elkoar 16.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)