Aksje moat Knol yn Boarn hâlde

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Aldeboarn binne tongersdei begûn mei it opheljen fan hantekens tsjin it ferdwinen fan bedriuw Knol út it doarp. De spontane aksje smiet in tûzen hantekens op dy't freedtejûn oanbean wurde oan pleatslik belang. Dy jout se troch oan de gemeente Boarnsterhim.
Knol is aktyf yn de beton- en wetterbou en past eins net mear yn it doarp. In part fan Knol is al nei Akkrum ferhuze. It bedriuw betsjut in soad foar Boarn.