Ryk hâldt stim oer jild omrop

28 nov 2003 - 00:00

De provinsje wurdt net folslein ferantwurdlik foar it finansieren fan de regionale omrop. In nije wet mei dy strekking is tongersdei troch de Twadde Keamer fuortstimd.

Op dit stuit krije de regionale omroppen hast de helte fan de subsydzje fan it ryk. De steatssekretaris woe it jild oan de provinsjes jaan om troch te spyljen nei de omroppen. De Twadde Keamer wol sekerheid dat de provinsjes it jild ek echt oan de omroppen jouwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)