Opskuor fargeul fernuveret RWS
Rykswettersteat is fernuvere oer alle opskuor om de fargeul nei It Amelân. Sa drige gemeente It Amelân sels mei in rjochtsaak, om't Rykswettersteat de farwegen nei it eilân net goed ûnderhâlde soe. Dêr hiene benammen ûndernimmers op it eilân lêst fan.
Dizze wike is der lykwols begûn mei it útbaggerjen fan de fargeul. Neffens Rykswettersteat sels noch in moanne earder as pland. Mei de krystdagen moat it wurk klear wêze.