Baneplan is sukses

27 nov 2003 - 00:00

It Frysk baneplan is in sukses. Nei twa moannen ha alve bedriuwen har al oanmeld. Dat betsjut goed 300 wurkplakken, fral yn de yndustry.

Doel is om oer trije jier 1000 plakken te hawwen. Bedriuwen dy't meidogge, krije subsydzje fan de provinsje. It projekt is benammen bedoeld om minsken dy't al langer wurkleas binne wer oan in baan te helpen. It CWI fiert it plan út. It sintrum foar wurk en ynkommen is optein oer de risseltaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)