Man mishannelt syn frou

27 nov 2003 - 00:00

In 56-jierrige man fan De Lemmer is woansdeitejûn oanhâlden. Hy hie syn frou mishannele. Hy sloech har mei de holle tsjin de muorre. De frou (41) rûn dêrtroch in skuord trommelflies op, bloedútstoartings en striemen op har kiel.

De man wie lilk om't se de bern bûten boartsje litten hie. Nei de mishanneling naaide de man út. Hy koe letter oanhâlden wurde. Hy hat in nacht fêst sitten. De frou is behannele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)